Bernlef bestiet 85 jier!Om't Bernlef kommend jier april 85 jier bestiet, stiet it jier 2009 - 2010 yn it teken fan it 17e lustrum. It hiele jier troch wurde aktiviteiten organisearre. Ek wurdt der in dokumintêre makke oer it Bernlef fan de ôfrûne 85 jier. Sneon 24 april : Resepsje en dokumintêre
Nei de jierlikse fuotbalkriich tusken leden en âldleden, sil de resepsje plakfine yn it Heerenhuis. Nei't wy it bestjoer lokwinske hawwe, bypraten binne , kinne wy genietsje fan in hearlik buffet. Oanslutend sil de premjêre fan de dokumintêre plakfine. Dizze dokumintêre sil de 85-jierrige skiednis fan ús feriening fertelle. Fansels sil de resepsje ôfsletten wurde mei dewinner fan de Clash of the Coverbands 2010: Switch. De kosten foar it jûnsiten binne maksimaal €22,50. Ynskriuwe kin hjir. Bernlef, Bernlef Boppe!
'Wer wurdst do it goust wer minsk, nei in swiere dei yn Grins' by Bernlef natuerlik. Allinne al derom hat Piter Wilkens tegeare mei ús dit prachtige plaatsje opnommen. Dit plaatsje is foar mar €6,- te bestellen, klik hjir om dit te dwaan en hjir foar mear ynformaasje. It lustrumkongres
It lustrumkongres wy in grut sukses. Oerdeis hawwe we ús goed fermeitsje kinnen mei alle sprekkers en dernei hat Piter Wilkens it kongres moai ôfsluten Foar mear ynformaasje oer dit pracht kongres kin jim hjir sjen. Bernlefs teletiidmasjine...
Hjir hat eltsenien wol ris fan dreamd.. Eartiids, mar miskien no noch wol ris.. Stappe yn in tiidmasjine!! Do kinst it erfare by Bernlef: de wrâld fan doe én aanst binnen stappe! Soargje datst tongersdeitejûn 4 febrewaris op de Túnstrjitte te finen bist en meitsje de reis fan dyn libben.. Mar tink der om, do kinst allinich de tiidmasjine ynstappe ast dy sels ek echt yn in oare tiid waanst! Lûk dus klean oan ut eardere tiden of wês kreatyf mei klean fan de takomst.. Dan sille wy sjen litte hoe't Bernlef oant hjir wie en hoe't it fierder sil! Wês der by want dit is dyn ienige kans! Foar mear ynformaasje klik hjir. Lustrumgala 27 novimber
Der wie fantefoaren sein dat it in spetterjend feest wurde soe, en dat wie it ek! Op 27 novimber ha wy ús in jûntsje hearlik útleeft yn Huize Maas. Mei in geweldige Rock 'n Roll band, 'Goodness! Gracious!', koe eltsenien mar raak dûnsje en drankjes widen der ek seker net te min! Sjoch hjir foar mear oer it Gala. De foto's fan de fotograaf binne hjir te besjen en lizze op de soas! LustRun tige slagge!
Nei in moarnsbrochje by Joustra yn Snits en it startskot troch boargemaster Brok, begong de estafette fan in grutte ploech Bernleffers. In estafette mei as doel, it by Joustra spesjaal foar ús bottele drankje Bernlef's Lok, nei ús pân yn Grins te draven. Op dizze ludike wize waard de oandacht festige op it feit dat Bernlef dit jier 85 jier bestiet en dat wy as lytse feriening yn steat binne om moaie, grutte en orizjinele eveneminten op te setten. Sjoch hjir foar mear ynformaasje, filmpkes en foto's. 2010-04-19 10:40 |
||||||||||