:: Bearenburch Speurtocht ::
Bearenburch. Wat is Bernlef sûnder
bearenburch? Sy binne ûnbrekber mei-inoar ferbûn fansels. En dêrom geane wy de
útdaging oan fan ‘ús’ Widdo Joustra. Freed 8 april sille wy it lustrum iepenje
mei in grutte bearenburchrace.
Groepkes Bernleffers sille troch hiel Noard
Nederlân speure moatte nei 80 ferskillende soarten bearenburch. It groepke dy de
opdracht it beste útfierd, kriget in oernachting yn Snits oanbean troch Widdo
Joustra, dy’t dit jier harren 140-jierrich lustrum fierd hat. Oan it ein fan de
speurtocht sil der yn Snits in rûnlieding troch de distillearderij wêze en
fansels sil der foar in tapaslik flaubyt soarge wurde. Mis it net!