:: Lustrum Revu ::
Yn de Lustrumwike sil der op sneon 16 April in wiere Bernlef-Revu opfierd wurde yn
Huize Maas oan de Fiskmerke. Yn Maaie 2004 waard útein setten mei de hjirfoar
spesjaal yn it libben roppen LustrumRevukommisje. Ideeën waarden spuid, skripts
waarden skreaun en spilers waarden socht. Op dit stuit binne der sa’n 20
Bernleffers harren al moannen yn it swit oan it wurkjen om op 16 April in
spetterjend spektakel del te setten. It publyk sil oardel oere lang fermakke
wurde mei toanielspul, spesjale effekten en sjongerij, wêrmei it wiere geheim
fan Bernlef út droegen wurdt. De revu hat dan ek de mysterieuze titel ‘Ít Geheim
fan Bernlef’ krigen en wat it krekt ynhâldt, sille wy no noch net ferklappe. Wol
kinne wy kwyt dat it ferhaal him ôfspilet rûn de Alde Bernlef en Widdo Joustra
dy’t dea wienen of dochs net hielendal?....